"Fryske sporten op alle basisskoallen"

06 mrt 2015 - 14:53
  • (fotoympresje)

Fryske sporten moatte in sterkere posysje krije yn it ûnderwiis. Dat fine de Fryske sportbûnen, de iishallen, basisskoallen, gemeenten en de provinsje Fryslân. It giet om aktive beoefening fan de sporten, mar ek it yn de kunde kommen mei de skiednis en de spulregels fan de sporten moat oan bar komme.

Sportkennissintrum Sport Fryslân hat in helberensûndersyk dien nei de kwestje. Sy wolle dat yn de takomst alle Fryske bern dy't fan de basisskoalle komme yn alle gefallen ien kear in Fryske sport spile hawwe.

Under Fryske sporten falle fierljeppen, Frysk damjen, keatsen, reedriden, de hynstesport en skûtsjesilen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)