Fryske soap en filmplannen

08 nov 2000 - 15:37

In Fryske soap en in film oer de Kameleon binne in pear plannen fan it Frysk Film Fûns. It sukses fan de boekferfilming De Fûke liede ta it betinken fan nije projekten foar televyzje en film.

Regisseur Steven de Jong ferwachtet dat de soap ein folgjend jier te sjen wêze sil. Oare plannen binne in film oer grutte Pier, de Stellingwerven en ien mei it drafsintrum yn Wolvegea as dekôr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)