Fryske skriuwers min te sprekken oer fergese boeken yn bus

01 feb 2015 - 15:36
  • Boeken yn de Boekebus

Ferskate Fryske skriuwers binne min te sprekken oer de nije boeke-aksje fan Arriva, Qbuzz, de provinsje en stichting Boeken fan Fryslân. Minsken kinne de kommende moannen Fryske boeken yn de bus lêze, en se meie dit boek ek fergees mei nei hûs nimme.

Skriuwer Ferdinand de Jong út Boarnburgum syn boeken lizze sûnder syn witten yn de boekebus en is it dêr net mei iens. Hy fynt dat boeken net fergees fuortjûn wurde meie, om't skriuwers in soad enerzjy en kreativiteit yn harren boek lizze.

Ek Steven Sterk fan útjouwerij Bornmeer is net bliid mei de aksje. Hy stelt syn Fryske boeken dan ek út prinsipe net beskikber. Neffens Sterk ferswakket dizze aksje de wearde fan it Fryske boek. Boppedat freget hy him ôf hokker effekt dizze aksje krekt hat.

It is net allinnich krityk fan skriuwers en de útjouwer. Guon keapers fan Fryske boeken fiele har foar it lapke holden. Sy hawwe it boek al yn de winkel kocht, wylst it no fergees mei te nimmen is. Neffens inisjatyfnimmer fan 'e busaksje, stichting Boeken fan Fryslân, is der net goed kommunisearre tusken útjouwers en skriuwers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)