Fryske skoalle fêst yn Italië

21 okt 2012 - 08:30
  • De learlingen stean op 'e dyk te wachtsjen op help

Sa'n tachtich learlingen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé út Ljouwert ha sneontenacht oeren mei in bus stilstien op in grutte dyk yn de buert fan Florence yn Italië. De fyfdeklassers fan de skoalle hiene in ekskurzje troch Italië makke en wiene ûnderweis nei hûs, doe't de bus sûnder disel kaam te sitten.

De plysje sette in stik fan de dyk ôf om it oare ferkear trochgean te litten. Dosinten en in konsjerzje hellen mei jerrycans nije brânstof. Sy waarden troch de plysje oppikt en nei de bus werombrocht. Dêrnei koe de reis fierder.

Neffens de sjauffeur wie it oan de brânstofmjitter net te sjen dat der net genôch disel mear yn de tank siet. De brânstoffilters wiene wol fersmoarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)