Fryske skoalbern lêze nammen kampslachtoffers foar

23 jan 2015 - 12:39

Learlingen fan it Stellingwerf Kolleezje yn Easterwâlde hawwe freedtemoarn yn kamp Westerbork meidien oan it foarlêzen fan de nammen fan de 102.000 Joadske Nederlanners en Roma en Sinty dy't omkaam binne yn de Twadde Wrâldoarloch. Takom tiisdei is it santich jier lyn dat ferneatigingskamp Auschwitz befrijd waard. Oer de hiele wrâld wurdt op dy dei de moard op seis miljoen Joaden betocht.

It foarlêzen fan de nammen yn Westerbork is ûnderdiel fan de betinking. It is tongersdeitejûn begûn en duorret seis dagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)