Fryske skoalbern enerzjybewust

20 jun 2014 - 06:38
  • Ina de Jong fan skoalle It Lemier yn Tytsjerk mei enerzjy-ideeën

Mear as 400 learlingen fan goed tweintich Fryske basisskoallen hawwe de ôfrûne moannen besocht om harren skoalgebou enerzjysuniger te meitsjen. Dat dogge se yn it ramt fan de Energy Challenges Fryslân. Dy wol de Fryske skoalbern enerzjybewuster meitsje.

De bern setten sûnt novimber ferskate ûndersyk- en projektplannen op. Sa ferminderen se it enerzjyferbrûk troch bygelyks better te isolearjen, minder wetter te brûken yn de húskes en minder gau it sinneskerm del te litten, sadat it langer ljocht bliuwt yn it klaslokaal.

It is ek belangryk om de kompjûters en tillevyzjes út te setten as se net mear brûkt wurde, en as de bern winterdeis in trui oan dogge, kin de kachel ek wat leger. De tsien bêste projektplannen wurde freed presintearre op in feestlike finale fan Energy Challenges Fryslân yn De Bûtenpleats yn Earnewâld. De ideeën sille yn de foarm fan in enerzjy-advys oan alle skoallen yn Fryslân trochjûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)