Fryske skilders draaie in goede simmer

22 jul 2015 - 14:11
  • Der is in grut ferlet fan skilders

Fryske skilders hawwe in soad wurk op dit stuit. Dat komt net allinnich troch it moaie waar, ek de huzemerk sit wer yn de lift. Mear minsken freegje in skilder om harren hûs yn de ferve te setten.

Wiene der ferline jier al in soad bedriuwen dy't harren gebouwen fervje lieten, dit jier kieze ek hieltyd mear partikulieren foar in skilderbeurt. Neffens Menno Boelens fan Meesterschilders yn Ljouwert is de grutste drokte op dit stuit yn de Rânestêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)