Fryske skakers spylje remise

09 apr 2008 - 17:47
  • Brandenburg en Ernst oan it begjin fan harren partij
  • Yge Visser skaakte mei de sinnebril op (foto's skaakbûn)

De Fryske skakers Sipke_Ernst fan Damwâld en Daan_Brandenburg fan Drachten hawwe woansdei remise spile op it NK skaken yn Hilversum. Ernst ferspile dêrmei syn posysje as lieder fan it klassemint. Hy stiet no in heal punt ûnder de nije oanfierders, Daniël_Stellwagen en Jan_Smeets.

De oare Fryske dielnimmer oan it NK, de âld-Snitser Yge_Visser, ferlear fan Stellwagen. Hy is no sande. Tongersdei spilet Ernst tsjin Smeets.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)