Fryske scouts fiere jubileum

05 jan 2010 - 09:34

Sa'n 700 Fryske scouts fiere sneon it 100-jierrich bestean fan de scouting yn Nederlân. Dat wurdt dien mei in mienskiplik kampfjoer yn de Prinsetún yn Ljouwert. Foar dat plak is keazen omdat dêr de earste Fryske ôfdieling oprjochte waard. Neist it kampfjoer binne der it kommend jier noch mear aktiviteiten.

Lanlik wurdt it jubileum dizze simmer fierd yn Roermond. Yn Fryslân binne 22 scoutinggroepen, dy hawwe 1800 leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)