Fryske sauna's skoare goed

07 jan 2011 - 06:25

Saunaleafhawwers ha de Leeuwerikhoeve yn Burgum ferkeazen ta bêste sauna fan Nederlân. Besikers fan de webside SaunaChecken.nl joegen it bedriuw yn Burgum in einsifer fan 8,6. Op dy website stiet ynformaasje oer mear as 130 sauna's yn hiel Nederlân. Stimmers koene punten jaan foar saken as hygiëne, ûnderhâld en personiel.

Yn de top tsien steane noch twa oare Fryske sauna's, ien yn Boyl en ien yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)