Fryske samlingen nei NK

06 jan 2003 - 00:00

Julie Albers (9) fan Ljouwert en Nyckle Sijtsma (8) fan Feanwâlden binne de twa beste samlers fan Fryslân. Sy meie beide meidwaan oan it nasjonaal kampioenskip. Ut 24 ferskate samlingen wurdt dan de beste fan it lân keazen.

De sjuery fan de Fryske foarronde joech de miniatuerferfiermiddels fan Julie de earste priis. De scooters en boatsjes binne fan ôffalmateriaal en komme út de hiele wrâld. Nyckle krige de twadde priis foar syn samling fjoertuorren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)