Fryske rydskoallen posityf oer ferromme regels by eksamen

08 sep 2015 - 16:36
  • CBR logo

Fryske rydskoallehâlders binne goed te sprekken oer de ferromming fan de rydeksamenregels fan 2016 ôf. Kandidaten dy't dit jier ôfride meie noch gjin gebrûk meitsje fan deadehoekalarmen, cruise-control, of automatyske ferljochting. It CBR sil fan 2016 ôf de regels dêrfoar ferromje.

Guon rydskoallen brûke de systemen al by de rydlessen. Se binne dêrom tige optein dat de learling aanst de mooglikheid hat om dit ek by it eksamen te brûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)