Fryske roeiers op de Wolga

23 jun 2007 - 11:47

Roeiferiening Tréwes út Aldeboarn docht mei oan in ynternasjonale wedstriid op de Wolga yn Ruslân. De tsien manlju moatte mei in sloep goed 160 kilometer ôflizze. De ferwachting is dat se nei 18 oeren non-stop roeien oer de einstreek komme.

De roeiers melden sneon oer de telefoan dat se in swiere nacht hân hawwe mei in protte yn 'e wyn op. Boppedat kamen se hast yn botsing mei in grutte oaljetanker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)