'Fryske reklame wurdt better'

16 mrt 2007 - 21:24

It giet wat better mei de kwaliteit fan de Fryske reklame op radio en tillevyzje. Dat fynt de sjuery fan de Fryske Reklamepriis 2007. Foar de priis fan dit jier binne goed 100 radiospotsjes ynstjoerd. Dêrfan binne 4 nomineard.

Foar de tillevyzjepriis binne 62 spotsjes ynstjoerd. Dêr binne ek fjouwer reklames nomineard. Takom wike tiisdei wurde de prizen bekind makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)