Fryske reedriders tige teloarsteld oer nij dopinggefal

11 mrt 2016 - 18:15

De Fryske reedriders binne tige teloarsteld yn de Russyske wrâldkampioen sprint Pavel Kulizhnikov. Earder dizze wike waard dúdlik dat hy betrape is op it gebrûk fan meldonium. "Ik hoop dat as it wier is hy flink straft wurdt. Oan de oare kant hoecht it hielendal net ferkeard te wêzen foar de sport. It lit sjen dat wy de falsken derút filterje kinne", sa seit Sven Kramer.

Ek oare Fryske reedriders binne bot rekke troch it nijs dat der wer in gefal fan doping is yn de reedrydsport. "It is net de reedrydsport dat wat te ferwiten falt, it binne de Russen", fynt Marrit Leenstra. "It fertrouwen yn de Russen wurdt op dizze wize wol alle kearen minder", sa seit de Friezinne.

Wrâldbekerfinale

Dit wykein is de wrâldbekerfinale yn Thialf. By de Fryske froulju komme Margot Boer, Marrit Leenstra Ireen Wüst, Antoinette de Jong, Yvonne Nauta en Carien Kleibeuker yn aksje. By de manlju binne dat Sven Kramer, Jorrit Bergsma, Douwe de Vries en Arjan Stroetinga. Foar Margot Boer is it de lêste kear, sy stoppet oan de ein fan dit seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)