Fryske radiopiraten oanpakt

01 mrt 2004 - 00:00

Ein dit jier sil sawat de helte fan de 100 Fryske radiopiraten it swijen op- lein wêze. It Agintskip Telecom sil fan no ôf stranger kontrolearje. Yn Oerisel en Drinte ha radiokontroleurs al in grut tal yllegale stjoerders oppakt yn it ramt fan de aksje Etherflits.

De Ljouwerter piraat Radio Breekijzer makke sneon in legale start. De populêre piraat hat ûnderdak fûn by de lokale omrop Radio Eenhoorn yn Menaam. Breekijzer waard al 5 kear oanpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)