"Fryske Pyt bliuwt swart"

31 okt 2014 - 13:15
  • Swarte Pyt moat swart bliuwe

Swarte Pyt bliuwt gewoan swart by de Sinteklaasyntochten yn Fryslân. Dat docht bliken út in lanlike ynventarisaasje fan de NOS en de regionale omroppen. Meiïnoar binne der 211 lokale komitees yn hiel Nederlân benadere, wêrûnder 8 yn Fryslân. Op 193 plakken wurdt oanjûn neat te feroarjen. Oaren feroarje wat of wachtsje de diskusje noch even ôf.

De measte komitees jouwe oan dat der pleatslik gjin diskusje is oer de kleur fan Swarte Pyt. Wol is op in soad plakken it uterlik fan de hulp fan Sinteklaas al wat oanpast, lykas de hierdracht.

Earder waard bekendmakke dat by de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Gouda njonken de gewoane Swarte Piten ek acht 'stroopwafel- en kaaspieten' meirinne sille. Alle ûnderfrege komitees yn de provinsjes Fryslân, Drinte, Seelân en Flevolân sizze neat te feroarjen.

Earder die út in ûndersyk fan EenVandaag al bliken dat 92 prosint fan de Friezen fynt dat der neat feroarje moat oan it uterlik fan Swarte Pyt.

In oersjoch fan de befinings fan de NOS en de regionale omroppen:
- 211 lokale komitees benadere
- 193 passe neat oan oan de kleur fan de piten
- 5 feroarje wat
- 2 wachtsje op it Sinterklaasjournaal
- 4 wachtsje op de útspraak fan de Raad van State
- 7 witte it noch net

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)