Fryske PvdA wol generaal pardon

27 nov 2006 - 11:48

De Partij van de Arbeid moat allinne meidwaan yn in kabinet at dat foar in generaal pardon is. Dat fynt de ôfdieling Ljouwert fan dy PvdA. De ôfdieling hat der partijlieder Wouter Bos en it partijbestjoer moandei in iepen brief oer skreaun.

Op it lêste partijkongres fan de PvdA waard ek al in moasje fan de ôfdieling Ljouwert mei deselde strekking oannommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)