Fryske PvdA-riedsleden wol drok dwaande mei kampanjefieren

26 feb 2015 - 15:16
  • PvdA

Fryske PvdA-riedsleden binne drok dwaande mei de kampanje foar de steateferkiezings. Dat seit kampanjelieder Chris van Beek yn reaksje op in ûndersyk dêr't út blykt dat PvdA-riedsleden net echt te rissen binne om kampanje te fieren. Neffens de sifers binne riedsleden mear as fjouwer oeren wyks dwaande om minsken waarm te meitsjen foar de ferkiezings. De PvdA-riedsleden komme dêr lang net oan.

Dat jildt net foar Fryske PvdA'ers, seit Van Beek. De partij hat hjir yn Fryslân in hecht team dat him bot ynset foar de ferkiezings op 18 maart.

Van Beek giet der fanút dat de PvdA de grutste bliuwt yn de Fryske Steaten. De partij hat no alve sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)