Fryske produsint mei Michiel de Ruyter-film nei Sina

01 apr 2015 - 16:16
  • In fragmint út de film
  • De cast fan 'Michiel de Ruyter' by de premjêre

De Nederlânske film 'Michiel de Ruyter' sil fertoand wurde yn Sina, op it 5th Beijing International Film Festival. De film oer it libben fan de histoaryske seeheld is produsearre troch de Fryske produsint Klaas de Jong. De Jong produsearre earder ferskate films fan regisseur Steven de Jong, lykas 'De Hel van '63', De 'Schippers van de Kameleon' en 'Penny's Shadow'.

'Michiel de Ruyter' draait op it stuit yn sa'n hûndert bioskopen en hat oant no ta 650.000 besikers lutsen. De film is tusken 17 en 20 april te sjen op it Sineeske filmfestival.

De distribúsjerjochten binne yntusken ferkocht oan Dútslân, Japan, Grut-Brittannië, Fjetnam en Koeweit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)