Fryske produkten nei Turijn

24 okt 2014 - 11:20
  • Wâldfrucht-produkten yn de karakteriske finsterpûdsjes

De Wâldbeantsjes, Reade Krobbe en Kollumer Swiete Earten wurde de kommende dagen presintearre op de ynternasjonale Slow Food beurs yn it Italiaanske Turijn. De Fryske streekprodukten binne dizze moanne opnommen yn de Ark van de Smaak, de Nederlânske Slow Food database. Dy hat útkeazen hokker produkten yn Turijn presintearre wurde.

De Ark van de Smaak hat as doel om bysûndere streekprodukten te stypjen. Tjalke Stoelwinder fan It Hearrenfean brûkte de Fryske beantsjes al ris yn in wedstriid en wûn dêrmei de titel Held van de Smaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)