Fryske prachtplakken socht

01 maaie 2013 - 19:59

Steatsboskbehear siket it moaiste plak fan Nederlân. De striid om de titel 'prachtplak fan Nederlân' duorret oant 19 maaie. Tolve boskwachters hawwe harren moaiste plak foardroegen en ek 45 boargers hawwe in plak nominearre. Ut Fryslân wei binne de Waadsee, de Ingelmansplaat, de Kooikersdunen op It Amelân en de kop fan de Snitsermar foardroegen as prachtplak.

Uteinlik binne der twa winners, de publykswinner en de winner fan it moaiste plak dat Steatsboskbehear yn ûnderhâld hat.

De organisaasjes wol mei de ferkiezing sjen litte wat Nederlanners hawwe mei de natuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)