Fryske post kaam tiisdei wat letter as oars

29 des 2015 - 19:31

De post is tiisdei yn hiel Fryslân krekt wat letter besoarge as oars. Trochdat der mear post wie as it bedriuw ferwachtte hie, duorre it langer foardat alle post op folchoarder lei foar de besoargers.

Neffens PostNL wie de post tusken in healoere en twa oeren letter as oars. Yn útsûnderlike gefallen soe it wêze kinne dat de post fan tiisdei pas op woansdei besoarge wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)