Fryske poplietteksten yn boek

26 feb 2005 - 09:21

Der ferskynt ein dit jier in boek mei hûndert Fryske folk- en poplietteksten. Poppublisist Beart Oosterhaven wurket al twa jier oan de seleksje fan de teksten. Sa'n 45 Fryske artiesten wurkje mei oan de publikaasje.

Der komt ûnder oaren wurk yn te stean fan Piter Wilkens, Jaap Louwes, De Kast en Doede Veeman. Yn it boek wurdt ek omtinken jûn oan de skiednis fan de Frysktalige folkmuzyk- en de Fryske folkmuzyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)