Fryske Popdei yn Snits

06 des 2003 - 00:00

Yn it Bolwurk yn Snits wie sneon de Fryske Popdei. Doel fan de dei wie om besikers sjen te litten wat der op it mêd fan opliedings en kursussen allegear bart yn Fryslân.

Tolve skoalbandsjes presintearren har en krigen de gelegenheid ris op in echt poadium te spyljen. Fierder wiene der workshops en in ynformaasjemerk, mei ûnder oare ynformaasje oer de nije Ljouwerter Akademy foar Popkultuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)