Fryske pommeranten preekje

12 nov 2013 - 10:04
  • Grutte tsjerke

Direkteur Reinier Salverda fan de Fryske Akademy iepenet snein 24 novimber de nije rige fan Pommerantepreken yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Meielkoar sille fiif bekende Friezen de kommende moannen preekje. Yn de Pommerantepreek fertelle se oer har passy en bringe dy yn ferbân mei in bibelferhaal.

De lêste Pommerantepreek is yn juny takom jier. It giet om in inisjatyf fan de Stichting Pommerant als Predikant, dêr't ferline jier mei útein setten is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)