Fryske polityk wol fiskakkoart

05 okt 2003 - 00:00

Der moat noch foar de ein fan it jier in akkoart sletten wurde tusken de binnenfiskers en de sportfiskers oer it fiskjen op skobfisk lykas snoekbears. De oprop dogge de Fryske steateleden oan de twa rúzjende partijen, dy't al twa jier fergees besykje om in akkoart te sluten. Omdat it oerlis muorrefêst sit, ha de beropsfiskers de Fryske polityk om in útspraak frege.

De binnenfiskers sizze sûnder skobfisk net oerlibje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)