Fryske poëzij op 'e jiskewein

14 mrt 2001 - 00:00

Poëzij op jiskeweinen: in nuvere kombinaasje? Freed wurde de earste auto's mei dichtrigels yn Easterwâlde offisjeel presintearre. It idee is fan de direkteur fan Offalstjoering Fryslân dy't mei Fryslân Miljeu it inisjatyf naam.

De útjouwerij Afûk socht de poëzij út dy't op de jiskeweinen komme. Op likernôch hûndert laadbakken komt ien Fryske regel út in gedicht te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)