Fryske poësijtegel yn Narbonne

04 mrt 2006 - 12:19

Yn it Súd-Frânske Narbonne wurdt sneon in poësijrûte iepene, mei as ûnderdiel in Frysktalich fers fan Theun de Vries. De poësijrûte is oanlein nei foarbyld fan 'e poësijtegels yn Ljouwert. Dat seit Jan de Boer, de âld-direkteur fan de sosjale tsjinst yn Ljouwert, dy't no yn Súd-Frankryk wennet. De Boer is nau belutsen by it poetyske inisjatyf.

De provinsje Fryslân stipet de Fryske poësijtegel mei oersetting yn it Frânsk mei in bedrach fan 3.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)