Fryske plysjeminsken nei Den Haach foar CAO-aksje

08 apr 2015 - 11:12
  • Fryske plysjeminsken fiere aksje yn Den Haach

Rom 60 plysjeminsken út Fryslân sille woansdei nei Den Haach om aksje te fieren. Mei in bus geane se fanút de meldkeamer yn Drachten nei Grins, dêr stapt ek noch in groep plysjes op. Op it Maliefjild krijt minister Ard van der Steur in symboalyske giele kaart. Se fine dat uterlik 13 april in nije CAO op tafel lizze moat.

Lanlik fiere plysjefakbûnen woansdei aksje foar in nije cao. Tûzenen plysjeminsken rinne yn in optocht fan it Maliefjild nei it Spuiplein yn Den Haach en oerhandigje minister Van der Steur fan justysje in lêste warskôging.

As de minister net mei bettere foarstellen komt, dan komme de fakbûnen mei hurdere aksjes. Oant no ta wiene de aksjes ludyk, lykas de sirene-aksjes yn maart.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)