Fryske plysje pakt oproppen ta geweld op sosjale media oan

13 okt 2015 - 19:56

De Fryske plysje giet by minsken del dy't har op it ynternet skuldich meitsje oan diskriminaasje en it oproppen ta geweld. Bygelyks op sosjale media lykas Facebook, wurdt soms flink tekear gien tsjin bûtenlanners en de opfang fan flechtlingen. De plysje hat op inkele adressen yn Fryslân minsken dy't dat dogge, thús opsocht. It saneamde 'haatzaaien', diskriminaasje en oproppen ta geweld is strafber, net allinnich op strjitte mar ek op ynternet.

It Iepenbier Ministearje beoardielet hoe't der optreden wurdt en oft minsken oanholden wurde.

Neffens boargemaster Crone fan Ljouwert, haad fan de Fryske plysje, skrikke de minsken meastal wol as se de plysje oan de doar krije en helje se de teksten fan Facebook ôf. Earder dizze wike die de Ljouwerter wykagint Esther van Minnen in oprop oan de boargers om op te hâlden mei diskriminearjende teksten op Facebook te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)