Fryske plysje bewaakt Twadde Keamer

12 nov 2014 - 08:53

Fryske plysjeminsken binne nei Den Haach helle om dêr it Twadde Keamergebou te befeiligjen. Dat skriuwt it Algemeen Dagblad. De Haachske plysje soe te min minsken hawwe om de ekstra befeiliging sels te regeljen. En dêrom wurde plysjeminsken út oare regio's nei de Hofstêd helle. De bewaking is inkele wiken lyn opskroeve nei oanlieding fan it beslút om mei te dwaan oan oanfallen op IS. Dochs is der neffens de plysje gjin sprake fan in direkte driging by de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)