Fryske plaknammen Menameradiel

02 apr 2009 - 23:00
  • Engelum wurdt no offisjeel Ingelum...
  • ...mar Boksum bliuwt Boksum

De doarpen en buorskippen yn Menameradiel krije offisjeel Fryske plaknammen. Itselde jild foar de offisjele gemeentenamme. Dat hat in romme mearderheid yn de gemeenteried tongersdei besletten.

Meielkoar is der hast tsien moanne oer it ferfryskjen fan de plaknammen diskusseare. De FNP hat it proses yn wurking set. Op in tal ynsprekjûnen wiene foaral tsjinstanners te finen. Dat wiene benammen ûndernimmers, dy't benaud binne foar de kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)