'Fryske patat nei Sina'

13 sep 2013 - 16:42
  • Patat

Fryske ierappelboeren en ferwurkers kinne de kommende jierren in soad jild fertsjinje yn Sina. Dat tinkt direkteur Anton Godschalk fan it patatfabryk yn Easterbierrum. In delegaasje fan 55 Sinezen wie dêr freed op besite, foar in rûnlieding troch it fabryk. De patat út Easterbierrum giet no al de hiele wrâld oer, ûnder oaren nei Europa, it Midden-Easten en Afrika. It memmebedriuw fan it fabryk yn Easterbierrum hat al plannen foar in fabryk yn Sina.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)