Fryske partijen wolle Keamer yn

07 sep 2006 - 10:06

Twa Ljouwerter partijen hawwe harren by de Kiesraad ynskreaun om mei te dwaan oan de Twadde-Keamerferkiezings yn novimber. It giet om de Nederlandse Klokkenluiderspartij en de PP ONS. Beide partijen diene earder mei oan de gemeenteriedsferkiezings, mar krigen doe net genôch stimmen foar in sit.

Om 22 novimber echt dielnimme te kinnen moatte de partijen noch wol 570 hantekens en 11.000 euro by-elkoar krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)