Fryske pankoeken winne prizen

14 jan 2014 - 08:26
  • De Struverij fan Sint Anne foel yn de prizen

Pankoekrestaurant De Struverij yn Sint Anne en De Oude Hof yn Appelskea binne moandei yn de prizen fallen op it Nederlânsk kampioenskip pankoekbakken. De Struverij naam de bernepriis mei nei hûs, sy bakten in pankoek mei patat. De Oude Hof krige de kreativiteitspriis foar de pankoek mei lasanje.

Alle pankoekbakkers moasten ek in gewoane pankoek bakke. Dêrmei helle de Struverij in fiifde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)