Fryske otterpopulaasje groeit, mar der sneuvelje ek in soad

16 jan 2016 - 15:37
  • Otter

De otterpopulaasje yn Fryslân groeit stadich. Yn 2014 wiene der sa'n 140 en yn 2015 wiene dat der 20 mear. Om 1990 hinne wie it bist yn ús provinsje útstoarn troch it smoarge wetter. Fan 2002 ôf binne der wer nije otters útsetten om de otter in nije kâns te jaan yn de Fryske natuer. Yn De Alde Feanen komme tusken de fiif en tsien otters foar, dy wurde folge troch Tsjibbe de Jongh mei in kamera. Der sneuvelje lykwols noch altyd in soad otters yn it ferkear, ien op de trije otters wurdt deariden.

Snein 17 jannewaris: de otters yn FryslânDok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)