Fryske Olympiërs wer thús

01 sep 2004 - 13:18

Nei in grut ûnthaal op Schiphol wie der moandei foar Inge Dekker ek in feestlik wolkom op It Hearrenfean. Sy wie eins mei nei Athene as reserveswimster. Troch har goeie tiid lykwols moast se dochs oan de start ferskine fan de finale 4 x 100 meter frije slach. Dat resultearre yn in brûnzen medaille.

Inge Dekker sil as medaillewinner ek noch ûntfongen wurde troch de keninginne. Petronella de Jong út Sint Jabik waard fjirde by it Ynglingsilen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)