Fryske Olympiade pas yn 2013

01 mrt 2012 - 19:57

De Fryske Olympiade wurdt in jier letter hâlden as de bedoeling wie. It soe yn juny fan dit jier by Burgum wêze, mar de organisaasje krijt it net foar elkoar.

De gemeente Tytsjerksteradiel slagget der net yn om it terrein oan de Burgumermar op tiid op te leverjen. Boppedat fine der dit jier ek al in soad oare grutte eveneminten plak. De Fryske Olympiade moat sa'n twa ton kostje. De helte is tasein. It evenemint is betocht by it eardere projekt 'Fryske Fiergesichten'.

Oan it evenemint dogge de bêste keatsers, fierljeppers en skûtsjesilers fan Fryslân mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)