Fryske Olympiade: 14/15 juny

05 sep 2012 - 16:29

De Fryske Olympiade is wer in stik tichteby. It idee fan 'e Olympiade is om de Fryske sporten fierljeppe, keatse en skûtsjesile op ien dei en plak byinoar te bringen. De earste edysje fan it evenemint sil plakfine op 14 en 15 juny 2013 op in terrein oan de Wide Ie by de Burgumermar.

Dat terrein sil ynrjochte wurde foar de trije sporten. Der komt yn alle gefallen in wedstriidskâns en in oefenskâns foar it fierljeppen. De Fryske Olympiade is in idee fan âld-fierljepper Evert Wilstra.

As it evenemint in súkses wurdt, soe it in fêst plak krije moatte op de Fryske sportaginda. Om in goed plak te finen wie noch net maklik foar de organisaasje, want wylst de silers ferlet hawwe fan in soad wyn, jouwe de keatsers en fierljeppers de foarkar oan in lokaasje yn de lijte. Sa'n plak is no fûn oan de Burgumermar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)