Fryske oersetdei op Ryksuniversiteit yn Grins

26 sep 2015 - 11:42
  • Ien fan de oer te setten sinnen

Op de universiteit yn Grins binne Frysktaligen sneon drok dwaande om safolle mooglik wurden fan it Ingelsk nei it Frysk oer te setten. It doel dêrfan is dat it Frysk ien fan de talen op Google Translate wurdt. Google Translate is in oersetmasine op it ynternet dy't troch miljoenen minsken brûkt wurdt.

Neffens de provinsje Fryslân en de Fryske Akademy is it fan grut belang dat ek it Frysk dêryn komt. De Ryksuniversiteit Grins organisearret de Fryske oersetdei yn gearwurking mei it Grinzer Taalburo Popkema.

De dei yn Grins makket diel út fan de oersetwike yn Fryslân. De ôfrûne wike hawwe in soad minsken rûnom yn de provinsje dwaande west mei it oersetten fan sinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)