Fryske nominaasjes Notenkraker

11 des 2007 - 15:29
  • Tjitske Reidinga as Claire yn Gooische Vrouwen

Twa Friezinnen-om-utens binne nominearre foar de Gouden Notenkraker. Aktrise Tjitske Reidinga -berne yn Ljouwert- is ien foar de kandidaten yn de kategory toaniel. Reidinga is bekend fan de tv-programma's Klokhuis en Gooische Vrouwen.

Saksofoniste Tineke Postma -earder fan it Hearrenfean- is nominearre yn de kategory lichte muzyk. Sy hat krekt har tredde jazzalbum útbrocht en toert troch Japan en Amearika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)