Fryske nijssite foar SW-hoeke

23 okt 2009 - 09:29
  • Jaring Rispens mei syn ark en fototastel

De Súdwesthoeke hat sûnt tongersdei in eigen Frysktalige nijswebside. De side Stjoerder.nl is in inisjatyf fan foto- en fideosjoernalist Jaring Rispens út Wommels. De site wurdt yllustrearre mei in protte eigen foto's en fideos.

De webside rjochtet him op de ynwenners en bedriuwen fan Súdwest- Fryslân. Stjoerder.nl set ek út ein mei in eigen Twitterkanaal. De Frysktalige nijssite wurdt stipe troch de provinsje Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)