Fryske natuerklups ha mear leden krigen yn 2015

20 des 2015 - 11:34
  • Fûgelwachter Medenblik mei pakesizzer Yannick

Fryske natuerorganisaasjes ha it ôfrûne jier mear leden krigen. Allinnich de Waadferiening ferlear leden yn 2015. Sy giene werom mei 638 leden nei hast 40.000. It BFVW, bûn fan Fryske fûgelwachten, groeit wol in bytsje en sit no op goed 21.000 leden, se krigen der 36 leden by yn 2015. Ek seehûnekresj Pieterburen hat wat mear leden as ferline jier. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it VARA-programma Vroege Vogels.

Earder makke it Fryske Gea al bekend dat se in grutte groei hiene fan goed 2.500 leden. Sy sitte no op in tal fan goed 34.000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)