Fryske namme foar alle wetters

15 des 2005 - 15:47

Alle wetters yn Fryslân hawwe sûnt no in Fryske namme, útsein dy yn de gemeente Harns. Yn It Bildt en East- en Weststellingwerf krije de wetters de streektaalnamme. Deputearre Steaten ha dat fêststeld.

De nammewiziging is it gefolch fan in moasje fan al 20 jier lyn. Dêryn waard frege om ienriedige nammejouwing. De wetternammen sille net gelyk trochfierd wurde. Sa nimt de ANWB de nammen pas takom jier oer op syn nije lânkaarten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)