Fryske nachten moatte tsjuster

06 des 2003 - 00:00

De Fryske Miljeufederaasje wol him ynsette foar it tsjuster yn de Fryske nachten. Der komt noch hieltyd mear ferljochting by troch bygelyks auto's, glêstúnbou en bedriuwsgebouwen.

De miljeufederaasje stelt dat it dei- en nachtritme fan mins en dier yn de war rekket trochdat it net mear hielendal tsjuster wurdt. By fûgels en ynsekten is al fêststeld dat de bisten desoriïntearre reitsje kinne. Boppedat ferbrûkt it in soad enerzjy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)