'Fryske muzykkultuer yn gefaar'

13 feb 2005 - 12:12

De feilichheidseasken by eveneminten bringe de muzykkultuer yn Fryslân yn gefaar. Dat seit komponist en dirigint Hoite Pruiksma. Hy krige freed fan de gemeente Ljouwert de Jan Janzpriis foar syn ynset foar klassike en nije muzyk.

Nei de kafeebrân yn Volendam meie der bygelyks mar 550 minsken nei de Mattheus Passion yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Dat binne der net genôch om subsydzje te krijen. It konsert giet dêrom net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)