Fryske muzyk foar Frânsen

22 sep 2010 - 13:48
  • Jan de Haan (foto: Henk Bruyns)

Jan de Haan út Oranjewâld skreau in muzykstik foar de Frânske stêd Belfort. Dêr is yn 1880 in byld fan in grutte liuw út de rotsen hakt. It keunstwurk wurdt dit jier offisjeel ynwijd. De liuw is ûntwurpen troch Bartholdi, dy't ek it frijheidsbyld yn New York makke hat.

De Fryske komponist hat it muzykstik skreaun foar in symfoanysk blaasorkest fan 85 minsken. Der is ek in koar te hearren en in ferteller. De premjêre is 26 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)