Fryske musea yn register

22 jun 2006 - 10:32

Hieltyd mear Fryske musea hawwe in goede klimaatbehearsking, in klopjende registraasje fan 'e kolleksje en in oersichtlike finansjele sitewaasje.

Op dit stuit binne der 34 Fryske musea mei in offisjele status yn it Nederlânsk Museumregister. Oer twa jier binne dat der mei-elkoar fjirtich. Dat ferwachtet museumkonsulinte Mirjam Pragt. Tije musea yn de provinsje binne krekt slagge foar it eksamen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)