Fryske musea yn museumregister

13 feb 2004 - 00:00

Trije Fryske musea binne opnaam yn it Nederlânsk Museumregister. It giet om it Frysk Lânbou Museum yn Eksmoarre, it iepenloftmuseum De Spitkeet op 'e Harkema en museum De Striid tsjin it Wetter yn Wommels.

Dy musea hawwe no in keurmerk en foldogge oan alle basiseasken dy't nasjonaal oan in museum steld wurde. It giet ûnder oaren om museumbelied, finânsjes en saakkundigens. Fryslân telt no 30 musea yn it register.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)